Wim Postma

Wim Postma: “Markante”ondernemer

Wim Postma markantIt geheim fan restauranthâlder Wim Postma. Wis Fryslâns meast markante hoareka-ûndernimmer fan 2008/2009 im Postma fan restaurant ’t Stasjons Kofjehús yn Molkwar. De ferkiezing is in sektorbrede priis en wurdt organisearre yan gearwurking mei it fakblêd Horeca Entree. Fan ’t hjerst sil út de tolve provinsjewinners de meast markante hoarekaûndernimmer fan Nederlân keazen wurde.

Postma syn geheim?

‘It kontakt dat ik mei de gasten ha.’ Dat Wim Postma (54) in markante man is, kin de gasten fan restaurant ’t Stasjons Kofjehús min ûntgean. Sadree’t se it hiem opkomme fan it restaurant – dat lyk neist stasjon Koudum/Molkwar leit – wurde se meinommen yn de wolk fan entûsjasme dy’t Postma opropt. Entûsjasme dat ek steefêst trochskimeret as Postma oan de túntafel op it eigen terras oer syn wurk fertelt. Sûnt juny 2000 is Postma eigener en sjef-kok fan ’t Stasjons Kofjehús, dat hy en syn frou Sippie doedestiids sels bouwe litten ha. Postma: ‘Ik woe perfoarst hjir bouwe, want dit is no ienris in daalders plakje.

Wy sitte midden yn it griene Fryske wetterlânskip, ticht by De Fluezen en Molkwar. De guozzen komme alle dagen oer, om’t wy persys yn har fleanrûte sitte. Moaier is der dochs net? Ik bin hjir op myn plak en dat bring ik oer op de gasten. Ik besykje in bining I mei har te krijen, troch in praatsje te meitsjen en goed te lústerjen. En fansels safolle mooglik oan har winsken te foldwaan. At se no in simpele snytsel ha wolle of bakte moksels op syn Portugeesk, my makket it neat út, at se mar genietsje. Dat is tink ik de kearn fan myn wurkwize.’

Fleksibel.

Wim Postma zingtNo – sa’n njoggen jier letter – hat dy wurkwize dus de priis fan meast markante hoareka-ûndernimmer fan Fryslân oplevere.In ûnderskieding dy’t de sjefkok nei eigen sizzen te tankjen hat oan syn unstelling.
Hy komt út in ‘Boergondysk’ gesin dêr’t se net fan – sa’t Postma it sels neamt – geskyt hâlden. Gewoan wat noflik wêze en jin fleksibel opstelle, dat wie it motto sa’n bytsje. In ynstelling dy’t Postma meinommen hat. Sa wegeret er om altyd mar rekken te hâlden mei de finansjele kant fan syn ûndernimming. ‘Ik doch dingen op it gefoel. As ik wit dat minsken hjir komme nei’t se in middei te fytsen west ha, dan sykje ik foar har krekt in wat grutter stik fleis út. Wolle se ekstra grienten of in oar sauske? Gjin probleem. Dy set ik net op de rekken. Lêsten ha ’k in gesin mei toarstige bern in kanne mei limonade ferkocht. At se hieltyd frisdrinken bestelle moatte, binne se in fermogen kwyt. Ik fyn dat jo fleksibel wêze moatte yn sokke dingen. Op dat stuit kostet it jo jild, mar op langere termyn leveret it wat op, want dy minsken komme wer. Dy kassa komt fansels wol, at jo mar in goed kontakt opbouwe mei de gasten.’

“Met zorg wordt uw gerecht bereid”

Lyts ympearium.

Sûnt twa jier kinne gasten yn Molkwar ek in itensiedersworkshop krije. Postma liet dêr spesjaal in ‘Kookcafé’ foar bouwe. In foarsjenning dêr’t er nei eigen sizzen op in stuit net mear om hinne koe. ‘De gasten kamen gauris by my yn ’e keuken te sjen. Dat wie fansels wat de hygiëneregels oangiet net sa handich. Dêrom ha wy it Kookcafé betocht. Groepen kinne dêr mei my itensiede en tagelyk in drankje drinke.’ Fierder hat it Kofjehús noch in kelderseal mei in bar en in biljert- anneks fergadertafel, en it Knipcafé. Dat lêste is de kapperssaak fan sus Marjan dy’t dêrmei de âlde tradysje fan de barbier yn it kafee yn eare hâldt. Nettsjinsteande dat lytse ‘ympearium’ hat Postma noch hieltyd plannen foar útwreiding. Sa binne der ideeën foar lytse appartemintsjes op it stik lân achter it Kofjehús. Postma: ‘In part fan it lân dat dêr leit, is al fan my, mar foar de bou fan de appartemintsjes soe ik eins noch in stik ha moatte. At dat slagget, sette wy de bou seker troch.’ Fierder hat de restaurant-hâlder noch it foarnimmen om in soarte doalhôf op te setten. Oanlieding dêrfan is dat Molkwar foarhinne yn ’e folksmûle ek wol it Fryske doalhôf neamd waard. It doarp bestie doe foaral út wetter, pôltsjes en brechjes. Postma is dúdlik net bang foar de takomst. En dat wylst it tsjintwurdich mei alle regels net maklik wêze moat om hoarekaûndernimmer te wêzen. In hypoteze dêr’t Postma foar in part yn meigean kin. ‘Wy ha op it heden net it maklikste fak, mar ik bin in optimist en lit my net fan ’e wiis bringe troch de wet. Regeltsjes binne regeltsjes en dêr ha wy ús safolle mooglik oante hâlden. Ik ha it gelok dat ik foarhinne altyd as kok yn in âldereintehûs en it Snitser sikehûs wurke ha. Yn de ynstellingswrâld waard altyd al in soad op de regels hammere. Dat in protte saken binne by my al automatisme.’

Fryslân meets Itaalje.

Ferskate gerjochten op de kaart fan ’t Stasjons Kofjehús binne ynspirearre op de Toskaanske keuken, al wurde se wol makke mei Fryske yngrediïnten. Tsien jier lyn gongen Postma en syn frou foar it earst op fakânsje nei Itaalje, sûnt dy tiid binne se sljocht op dat lân. De Toskaanske
keuken – ‘in boerekeuken dêr t iten sean’ wurdt mei simpele middels’ – spruts Postma oan en dat is werom te sjen op de menukaart. Gasten kinne yn Molkwar as neigesetsje bygelyks sûkerbôle mei olive-oalje bestelle.  Postma syn passy foar Itaalje is net folslein tafallich, want sun beppe har woartels lizze yn dat Súdeuropeeske lân. De sjef-kok hat dus sels ek in swymke Italjaansk bloed, in konklúzje dy’t faaks te ferbinen is mei Postma syn echte geheim. Want dat markante, is dat net gewoan Italjaansk temperamint?

Ferkiezing.

De ferkiezing ‘Meest Markante Horecaondernemer’ is in sektorbrede priis en giet út fan ûndernimmersorganisaasje Keninklike Hoareka Nederlân en it fakblêd Horeca Entree.
Foar de priis komme hoarekaûndernimmers yn oanmerking dy’t útblinke yn har fak en har op positive wize ûnderskiede fan kollega’s. De kandidaten foar in ‘Markant’ wurde foardroegen troch kollega-ûndernimmers of organisaasjes en bedriuwen dy’t belutsen binne by de hoarekasektor.

De meast markante hoarekabaas fan Fryslân is keazen út fjouwer nominearre persoanen:
– Auke Kooistra, kafee Het Graauwe Paard, Aldebiltsyl (kategory drinken);
– Eddy de Boer, WeidumerHout, Weidum (kategory rekreaasje);
– Harry Wester, Hotel Seeduyn, Flylân (kategory sliepen);
– Wim Postma, restaurant ’t Stasjons Kofjehús yn Molkwar (kategory iten).

Út: No Gastfrij Fryslân/ in útjefte fan de Afûk. Auteur Marrit de Schiffart.